SC Cambuur pakt punt by MVV Maastricht

22 sep 2017 - 21:54

Sportklup Cambuur hat freedtejûn in punt oerhâlden oan de swiere útwedstriid by MVV Maastricht. It waard 1-1 foar de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen. It doelpunt kaam op namme fan ynfaller Martijn Barto.

Cambuur, de nûmer alve fan de Jupiler League, begûn fûl tsjin MVV, de nûmer twa. MVV krige lykwols de earste kâns fan de wedstriid nei in kertier spyljen, mar keeper Jesse Bertrams foarkaam in doelpunt. Nei 25 minuten wie it wol raak foar MVV, nei in kopbal fan Jonathan Okito: 1-0. Cambuur ûntkaam dêrnei oan in gruttere efterstân, mar doelman Bertrams koe yn in ien-op-ien situaasje in tsjingoal foarkomme. Yn de slotfaze fan de earste helte krige Karim Rossi in enoarme kâns op de 1-1, mar syn stift gie krekt oer. Sadwaande sochten beide ploegen mei in 1-0 foarsprong foar MVV de klaaikeamers op.

Ynfaller Barto

Beide teams begûnen noch mei deselde alve spilers oan de twadde helte, mar healerwege wiksele trainer Dijkhuizen twa kear. Martijn Barto kaam der yn foar Justin Mathieu en Jordy van Deelen ferfong Sai van Wermeskerken. Dy wiksels pakten goed út. Rossi stjoerde Barto fuort en hy skeat de 1-1 kreas binnen. Kevin van Kippersluis hie efkes letter in goede kâns op de 2-1, mar syn kopbal rekke de latte.

Reade kaart

MVV-spiler Steven Pereira krige tsien minuten foar tiid syn twadde giele kaart, wêrtroch't de Limboargers mei tsien man fierder moasten. Cambuur koe it fjildoerwicht net omsette yn in doelpunt, sadat de wedstriid yn in 1-1 lykspul einige.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur MVV
(advertinsje)
(advertinsje)