Froulju SC Hearrenfean winne fan Achilles '29

22 sep 2017 - 21:26
Argyffoto - Foto: Vrouwenscheerenveen.nl

In sterk frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freedtejûn op sportpark Skoatterswâld mei 3-0 wûn fan Achilles '29. In roerige helte mei in soad kânsen hinne en wer en frije trappen soarge noch net foar in doelpunt, mar yn de 56e minút slagge Dayna Schra der yn de Fryske froulju op foarsprong te setten.

Dêrnei besocht Achilles wat mear druk te setten, mar dat soarge net mear foar in doelpunt. Yn de 88e en 90e minút soarge Fenna Kalma noch foar fjoerwurk: se makke mei twa rake skotten 3-0 foar Hearrenfean. De froulju fan Achilles moasten mei lege hannen werom nei Groesbeek.

Earste oerwinning

Troch de oerwinning op Achilles pakte Hearrenfean foar it earst dit seizoen trije punten. Earder waard der ferlern fan Alkmaar (2-0) en lykspile tsjin PSV (1-1). Dêrmei stiet de ploech fan trainer Roeland ten Berge no mei fjouwer punten op it fyfde plak yn de Earedifyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)