Gjin problemen by kwaliteit Fryske rydskoallen

22 sep 2017 - 19:59

'Rijexamen drama', dat wie de iepeningskop freedtemoarn yn De Telegraaf. En om it noch dramatysker te meitsjen, skriuwt de krante dat eksaminatoaren soms sels gefarejild ha wolle om by in kandidaat yn de auto te stappen. Sa striemin soe de kwaliteit wêze.

Fryske rydskoallehâlders werkenne it wol, mar net hjir yn it noarden. Se skriuwe de tafrielen benammen ta oan saneamde 'beunhazzen' dy't yn it westen fan it lân aktyf binne. Hjir wurdt sa folle mooglik besocht kandidaten pas foar it eksamen oan te melden as se ek ècht kâns ha om te slagjen.

Trefwurden: 
rydskoalle rydeksamen CBR
(Advertinsje)
(Advertinsje)