Kik Pierie werom yn de basis by SC Hearrenfean

Kik Pierie keart wer werom yn de basis by SC Hearrenfean. Ferline wike foel de 17-jierrige ferdigener út yn de wedstriid tsjin Excelsior mei in hamstringblessuere, mar hy trainde dizze wike wol wer mei.
Henk Veerman bleau by de lêste training út foarsoarch binnen, omdat hy yn de bekerwedstriid tsjin Excelsior in tik op syn boppeskonk krige. Veerman giet lykwols wol mei nei Tilburg foar de wedstriid tsjin Willem II. Fierder is allinnich de al langer útskeakele Warner Hahn der net by.
Willem II wûn ferline wike foar it earst, út by Roda JC. Hearrenfean is op dit stuit de iennige ploech dy't noch net ferlern hat yn de Earedivyzje.