FNP wol dúdlikheid oer belied Fryske literatuer

22 sep 2017 - 18:15
Foto: ANP

Deputearre Poepjes moat gau dúdlikheid jaan oer wat de provinsje wol mei de Fryske literatuer en de promoasje fan Fryske boeken. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. De partij wol witte oft de skriuwers en dichters ek belutsen wurde by it meitsjen fan plannen foar it oanpriizgjen fan Fryske boeken. De boekpromoasje is koartlyn oerdroegen fan Tresoar oan de Afûk. De FNP freget wat de stân fan saken is by it it nije promoasje- en ferkeapplan fan dy ynstelling en wannear't dat plan presintearre wurdt. Ek stelt de partij fragen oer it Frysk Boekefeest, dat oars altyd yn septimber hâlden waard.

Neffens fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP binne der in soad soargen oer de feroaringen, by skriuwers, dichters, útjouwers en oaren dy't belutsen binne by de Fryske literatuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)