Masinegewearen en in syktocht nei in fermiste piloat

22 sep 2017 - 17:43

It bergingswurk oan de Avro Lancaster rint neffens plan. Yn 1942 waard it fleantúch delsketten en ferdwûn it yn natuergebiet De Alde Feanen ûnder de grûn, deun njonken it âlde stoart. De earste saken dy't de saakkundigen no boppe wetter helje hawwe de tiid ridlik goed trochstien. Sa binne der in masinegewear, in part fan in propeller en en inkelde soerstofflessen fûn. Sa is op de propeller de griene kleur op de punt noch hielendal goed.

Mystearje

It fleantúch sels leit noch hieltyd foar in grut part ûnder de grûn. Allinnich details binne op dit stuit opgroeven. Mooglik is it gefaarte útinoar spat doe't er de grûn rekke, en is fan in folslein fleantúch hielendal gjin sprake mear. Njonken it sykjen nei histoarysk materiaal, hat de syktocht nei it lichem fan de Kanadeeske boardskutter James Francis Cooper de heechste prioriteit. It is in grut mystearje wat der mei it bemanningslid bard is.

De piloat fan de Lancaster hie syn bemanning de tiid en mooglikheid jûn om harsels mei in parasjute yn feiligens te bringen. In part fan harren is dit ek slagge. Oft Cooper sprongen is, is net dúdlik. Mooglik sit syn lichem noch yn de Lancaster. De bergers wurkje yn alle gefallen op in wize wêrop't der fanút gien wurdt dat Cooper noch yn it wrak leit.

Fersmoarge grûn

It bergingswurk is dreech om't it fleantúch yn swier fersmoarge grûn fan it stoart leit. It giet dan bygelyks om fersmoarging mei swiere metalen. De meiwurkers moatte in keuring trochstien hawwe foar't se oan it bergingswurk meidwaan meie. It fleantúchmateriaal dat nei boppe helle wurdt, wurdt oer it wetter ôffierd, en krijt dan ek in goede skjinmakbeurt om de skealike stoffen fuort te heljen. It is de bedoeling dat it guod takom jier foar in part yn Ljouwert komt te lizzen. It publyk soe it dan ek besjen kinne.

Publyk

It wurk by de Lancaster duorret noch wol efkes. Takom wike snein mei it publyk by it wurk sjen. Hjir moat wol foar reservearre wurde, dat kin op de webside fan It Fryske Gea.

(advertinsje)
(advertinsje)