Ungelok op Sintrale As by De Westereen, ien weihelte ticht

22 sep 2017 - 17:14

Op de Sintrale As by de Westereen wie freedtemiddei rûn 16:00 oere in iensidich ûngemak, wêrby't in persoan tsjin de fangrail riden is en neist de dyk bedarre. It slachtoffer koe sels út de auto klimme en is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. Om de oprêd- en helptsjinsten de romte te jaan wie ien weihelte in skoftke ôfsletten: dy is yntusken wer frijjûn.

(advertinsje)
(advertinsje)