Fear nei de eilannen mooglik djoerder, polityk yn ferset

22 sep 2017 - 16:55

Boatkaartsjes nei de Waadeilannen wurde mooglik 6 prosint djoerder. Dat komt omdat de Europeeske Kommisje fynt dat Nederlân de Waadsee net langer as 'iepen see' sjen mei: seeskippen dy't bûten territoriale wetters falle ha in frijstelling fan it btw-taryf op kaartsjes. Mar as de Waadsee net langer in 'bûten territoriaal wetter' is, moat dat btw-taryf dus wol heft wurde. Dat docht no bliken út it belestingplan fan it ministearje fan finânsjes. 

"Neat feroare"

Twadde Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA is hjir poer min oer te sprekken en wol dat minister fan finânsjes Jeroen Dijsselbloem sjocht nei oare mooglikheden: "Neffens my is der neat feroare oan de Waadsee, de lêste kear dat ik der wie. It is hiel apart en net konsekwint dat de Europeeske Kommisje dit ynienen feroaret. Ik wol de minister freegje hjirnei te sjen en de wiziging tsjin te hâlden as it kin. As dat net kin, wol ik dat de minister sjocht oft der kompensaasje foar de eilannen mooglik is, want dy sille ekonomysk sjoen grif leie ûnder de priisferheging."

Begjin oktober kriget Van der Molen de kâns om hjir by it besprekken yn de Twadde Keamer fragen oer te stellen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)