Fryske takomstplannen bepraat by Fryske jûn yn Brussel

22 sep 2017 - 16:11
Foto: Omrop Fryslân

Yn Brussel wurdt kommende moandei in Fryske jûn hâlden troch de provinsje. Yn de histoaryske Solvay biblioteek wurde dan sa'n santich bestjoerders, politisy, amtners en ûndernimmers ferwachte út tsien ferskillende lannen. Sy krije dan útlis oer de Fryske takomstplannen foar bygelyks de suvelsektor, de Ofslutdyk en ferbettering fan it miljeu.

Foarpriuwke LF2018

Tagelyk krijt it selskip in foarpriuwke fan Kulturele Haadstêd. Earder hat de provinsje ek al sokke Fryske jûnen hâlden yn Den Haag. Foar in oantal ûnderwerpen is de Europeeske Uny in wichtige petearpartner, dêrom is dizze kear foar Brussel keazen. De jûn is mei organisearre op fersyk fan Provinsjale Steaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)