Jelle Zoetendal foarsteld as nije listlûker PvdA Hearrenfean

22 sep 2017 - 15:13

Ek al binne de riedsferkiezingen pas oer sân moanne, it bestjoer fan de PvdA op It Hearrenfean hat syn kandidaatlistlûker al bekend makke. Dat wurdt de 40-jierrige Jelle Zoetendal. Hy folget Coby van der Laan op, dy't fjouwer jier lyn listlûker waard. Zoetendal wie doe noch de nûmer twa op de list. Twadde op de list is Wanda Ottens, dy't no noch steatelid is foar de PvdA.

It bestjoer seit te kiezen foar kwaliteit, ferjonging en fernijing. Dat wie ek mooglik omdat in part fan de riedsfraksje ophâlde wol. Sa hawwe wethâlder Coby van der Laan en fraksjefoarsitter Roelof Offringa al betiid oanjûn dat sy net mear beskikber binne foar in folgjende perioade. De leden fan de PvdA-ôfdieling Hearrenfean moatte op 31 oktober 2017 har oardiel jaan oer de kandidatelist. 

Jelle Zoetendal (1976) waard yn 2014 wethâlder. Dêrfoar siet hy sûnt 2006 yn de gemeenteried. Yn 2010 waard hy fraksjefoarsitter. Yn dy tiid wurke hy by Grontmij, in Europeesk advys- en yngenieursburo dat him dwaande hâldt mei enerzjy, wegen, duorsume gebouwen en wetter. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)