Auto slacht oer de kop by winkelsintrum yn Ljouwert

© Kappers Media
Op de Kanaalwei yn Ljouwert, by winkelsintrum De Centrale, is freedtemiddei in auto oer de kop slein nei in botsing. De auto ried troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in oare auto. De bestjoerster koe nei de botsing sels út de auto komme. Sy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De dyk hat in skoft ôfsletten west en dat soarge foar lange files by it winkelsintrum.