As frou nei in urinoir? "Dan pisje ik leaver yn 'e broek!"

22 sep 2017 - 13:52

"Dan pisje ik leaver yn 'e broek!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de suggestje fan in rjochter, earder dizze wike, dat froulju yn hege need mar nei in urinoir moatte om te pisjen. "Ja, en dan mut de broek fan 'e kont en dan staan je dêr in je bloate tokus!" Oaren fûnen dat wol wat oerdreaun: "Je bent toch geen drie meer, je kunt het toch ook ophouden?" En: "It fljocht jo net oan, dat fiel je in kertier yn 't foar wol oankommen, hear."

De grienteman merkte noch op dat de pishokjes wol wat oanpast wurde moatte: "Anders komt de doas yn 't sicht." Fierders skatte immen yn dat je hast wol in turner wêze moasten om as frou yn in urinoir te pisjen. En fansels kamen ek de 'plastuitjes' noch foarby en it idee om de húskes gender-neutraal te meitsjen. Mar de measten wolle graach dat de gemeente, seker foar LF2018, soarget foar goeie sanitêre foarsjennings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)