Friezen liene net gau jild foar in auto

© ANP
Fan alle Nederlanners liene Friezen it minste jild foar de oanskaf fan in auto. Dat docht bliken út ûndersyk fan kredytferstrekker Geldshop. Yn Fryslân wurdt yn trochsneed goed 7.000 euro liend foar in auto, it gemiddelde yn Nederlân is sa'n 9.000 euro. Der wurdt dit jier faker jild liend foar in auto.
Yn fergelyk mei ferline jier is der sprake fan in stiging fan 32 persint. Autolieningen wurde benammen oanfrege troch minsken fan 18 oant 30 jier.