Fiif mienskipsprojekten krije bonus fan 2018 euro

22 sep 2017 - 12:53
De priiswinners fan de bonus fan 2018 euro - Foto: Provinsje Fryslân

Fiif mienskipsprojekten foar Kulturele Haadstêd ha tongersdeitejûn yn Ljouwert in bonus fan 2018 euro wûn. De bonus komt boppe op de subsydzje dy't de inisjativen yn juny krigen út it Iepen Mienskipsfûns. It giet om de projekten 'Eb en vloed' út de regio Noardeast-Fryslân, 'Roerige tiden yn Smellingerlân' út Súdeast-Fryslân, 'Kom op Verhaal' fan de Fryske Waadeilannen, 'InsideOut Frjentsjer' fan Noardwest-Fryslân, en 'Sjen yn it tsjuster' fan Súdwest-Fryslân. De fiif winners waarden keazen út 106 projekten. Neffens de sjuery slute se it bêste oan by de doelen fan Ljouwert-Fryslân 2018.

It Iepen Mienskipsfûns is op it stuit wer iepen foar nije subsydzje-oanfragen. Ynwenners kinne oant en mei 13 oktober harren projektideeën yntsjinje. Betingst is wol dat it goeie ideeën binne dy't de leefberens in harren doarp, stêd of regio ferbetterje. Mear ynformaasje oer it IMF en it oanfreegjen fan subsydzje is te finen op streekwurk.frl/IMF.

(Advertinsje)
(Advertinsje)