Seis Snitsers oanhâlden foar hannel yn harddrugs

22 sep 2017 - 12:18

De plysje hat tongersdei seis manlju út Snits oanhâlden op fertinking fan de hannel yn harddrugs. It soe gean om hannel yn heroïne en kokaïne. By hûssikings op meardere adressen waarden drugs, kompjûters, telefoans en jild yn beslach nommen. De fertochten fan de drugshannel binne tusken de 30 en de 58 jier âld. In 30-jierrige Snitser wurdt beskôge as haadfertochte.

De plysje kaam de hannel op it spoar troch eardere drugsûndersiken. Oanslutend op de oanhâldingen sil ek in finansjeel ûndersyk útfierd wurde. Dêryn wurkje de plysje en it Iepenbier Ministearje gear om de fertochten de opbringsten fan de drugshannel ôfhandich te meitsjen. Trije fan har sitte yntusken net mear fêst.

Trefwurden: 
harddrugs plysje Snits kokaïne
(advertinsje)
(advertinsje)