Better tafersjoch op keuringsynstânsjes sylskippen

22 sep 2017 - 11:48

It ûngelok mei de ôfbrutsen mêst fan it skip Amicitia, dêr't trije minsken by om it libben kamen, is foar minister Schultz van Haegen oanlieding om better tafersjoch te hâlden op de keuringsynstânsjes foar sylskippen. Dit skriuwt se yn har antwurd op fragen fan it Ljouwerter Keamerlid Harry van der Molen en syn kollega Martijn van Helvert oangeande in rapport fan de Onderzoeksraad voor Veilighheid (OVV). Se stelt foarop dat keuring en tafersjoch nea elk risiko op ûngelokken útslute kinne. Se skriuwt dat de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) dy't sylskippen kontrolearje moat, prioriteit jout oan de meast risikofolle kategoryen. Foar it ûngelok mei de Amicitia hearde de brune float dêr net by.

Spesjale ynspeksjes

Nei oanlieding fan it ûngelok hat de ILT yn 2017 op 24 sylskippen spesjale ynspeksjes útfierd nei goede sertifikaten foar mêst en túch. De Keamerleden freegje hoe't de kontrôles har ferhâlde ta de kontrôles en de groei fan de sektor yn Dútslân en Denemarken. De minister seit dat dizze fergeliking net goed te meitsjen is, omdat de Deenske en Dútske skippen op see farre en de brune float yn Nederlân rekkene wurdt ta de binnenfeart.

Workshops mêstûnderhâld

Minister Schultz van Haegen fynt dat der soarge wurde moat foar de feilichheid fan de passazjiers. Wêr't de kennis binnen de sektor net oanwêzich is, moat dy ferbettere wurde, mar dat is neffens de minister de ferantwurdlikheid fan de sektor sels. Se hat fan de Vereniging voor Beroepschartervaart BBZ heard dat der al inisjativen naam wurde, bygelyks in workshop mêstûnderhâld.

Fakkennis ûnfoldwaande

It rapport fan de Onderzoeksraad voor Veilighheid meldt dat de fakkennis binnen de brune float ûnfoldwaande is. De minister moat de advizen fan de OVV noch bestudearje en seit dêr sa gau mooglik op werom te kommen.

By it ûngelok mei de Amicitia kamen yn de haven fan Harns op 21 augustus 2016 trije Dútske toeristen om it libben, doe't in mêst fan it skip ôfbruts en op harren delfoel. Nei ûndersyk die bliken dat de mêst hielendal trochrotte wie, wylst dy yn 2012 noch goedkard wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)