Kollum: ''Waarspin''

22 sep 2017 - 08:54

''It ôfwaaide praat fan de measte waarmanlju en waarfroulju hinget my sa stadichoan de strôt út. Ik ha it gefoel dat ik wer op de beukerskoalle sit as ik nei in waarberjocht sjoch. Mar ik bin gjin fjouwer jier mear en kin sels wol bepale dat ik my waarm oanklaaie moat as it kâld wurdt en my ynsmarre moat as de sinne skynt. It sil allegear wol goed bedoeld wêze, mar ik bin der klear mei. Koade giel, koade read… no, by my slacht de yrritaasjemeter út yn it read!

Mar dat is ek net goed foar in minske en dêrom sjoch en harkje ik der net amper mear nei. It waar is al sa bepalend yn ús lân en dêr wol ik net tefolle stress fan ha. Dat ik ha fan 't simmer mar in boekje kocht mei allegear tips oer hoe't je sels it waar foarsizze kinne; Het weer begrijpen en voorspellen’.

Yn dat boekje stiet ek it haadstik; De natuur als weerman. Dat beskriuwt hoe’t je troch de rook fan blommen, it fleanen fan sweltsjes, it gedrach fan wylde bisten en bijen it waar foarsizze kinne, mar der stiet ek eat yn oer spinnen. Je kinne oan de steat fan in spinreage sjen hoe’t it waar wurde sil en it gedrach fan de spinnen jout ek in soad oan. Sûnt ik dat wit, ha ik net mear sa’n hekel oan spinnen en lit ik de spinreagen foar it keukenrút hingje.

Der stiet neat yn oer hynders, mar myn hynders hawwe in tiidklok en dy stiet ynsteld op ein oktober. As we in knappe neisimmer ha en se lang it lân yn kinne, dan komt er in momint dat se der gjin nocht mear oan ha. Mar no wie it begjin septimber al sok min, en benammen, wiet waar dat se net alle dagen mear nei it lân koene en dat is te betiid. Dan binne se ûngeduerich en jouwe se har net del. Ik hope dan ek dat we noch wat drûger waar krije soene en neffens myn waarspin wie dat ek sa.

Yn ‘e spinreage foar it rút siet in krússpin fan it formaat dêr’t ik oars graach in blokje foar om gong, mar nei it lêzen fan it boekje fûn ik him tige nijsgjirrich. Hy hat fan ’t simmer in moai skoft midden yn ‘e reage sitten en doe wie it ek hiel moai waar. Doe’t ik him net mear seach, wist ik al dat it waar minder wurde soe, wylst it noch prachtich wie, mar it sloech yndied om. De reage wie ferwaaid en de spin siet oprôle yn in hoekje fan it kezyn.

As it waar better wurdt, sil in spin it reach wer sterker meitsje mar is it los spand, dan sil it reine of hurd waaie. Is it strak spand, dan krije we rêstich waar en hoe langer it moaie waar oanhâldt, hoe grutter de spinreagen wurde. Ik hie nea tinke kinnen dat ik nochris bliid wurde soe fan in grutte krússpin en it ôfrûne wykein seach ik wer in hiel skattich spinreachje foar it rút. Doe tocht ik al dat it waar better wurde soe en dat wie ek sa.

Mar no is myn waarspin al in pear dagen fuort! Lokkich ha ik ris in kursus kommunisearje mei bisten hân en ik frege oan ‘e spin wêrom’t er my ferlitten hat. ‘Ik ha dy de romte jûn om dyn ruten wer ris te himmeljen want dat wurdt heech tiid en it kin wer om it waar’, sei er en ik hie direkt it smoar wer yn. Alwer sa’n waarfoarsizzer dy’t him oeral mei bemuoit!''

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)