CDA wol 'humaner asylbelied'

29 okt 2011 - 12:58

Yn Utrecht ha Fryske CDA-leden op it partijkongres der mei foar soarge dat de Angoleeske asylsiker Mauro mooglik yn Nederlân bliuwe kin. Mauro wennet al acht jier yn Nederlân en soe fuort moatte omdat hy 18 jier wurden is. CDA-minister Leers seit net oars te kinnen, mar it CDA-kongres stimde mei in mearderhied fan 85 % foar in resolúsje foar in humaner asylbelied. Dit moat de fraksje de romte jaan om Mauro en fergelykbere gefallen net fuort te stjoeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)