Beker: Cambuur treft Den Bosch, Hearrenfean nei Willem II

SC Cambuur wint fan Go Ahead Eagles © Dijks Fotografie
SC Cambuur en SC Hearrenfean spylje yn de twadde ronde fan it bekertoernoai in útwedstriid en beide moatte dêrfoar nei Brabân. Dat is it resultaat fan de lotting, tongersdeitejûn. Cambuur spilet tsjin FC Den Bosch; SC Hearrenfean giet op besite by Willem II yn Tilburg. Willem II is sneon ek al de tsjinstanner fan Hearrenfean, mar dan giet it om in kompetysjewedstriid. Der dogge noch 32 klups mei oan it bekertoernoai.
Ajax en PSV treffe yn de twadde ronde in amateurklup. Fierder is opmerklik dat noch net bekend is oft FC Lisse of HSV Hoek de twadde ronde spylje mei. Lisse wûn fan Hoek nei it nimmen fan strafskoppen, mar dy soene net neffens de offisjele regels nommen wêze.