Hânscan ferfangt pynlik reuma-ûndersyk yn MCL

21 sep 2017 - 22:33

In foarljochtingsjûn oer de nagelnije hânscan foar groanyske reumapasjinten yn it MCL luts tongersdeitejûn sa'n 140 minsken. It Ljouwerter sikehûs is ien fan de earste mei sa'n hân-scan. It apparaat hat mooglik grutte foardielen, mar is noch ûnfoldwaande ûndersocht om ynset te wurden yn de deistige praktyk. It MCL sil dêrom earst ûndersyk mei de hân-scan dwaan by 600 pasjinten mei reumatoïde artritis. Arts-assistint Ahmed Al Hasan sil dat ûndersyk útfiere. Minsken dy't oan dat ûndersyk meidogge moatte dan tsien minuten earder op harren ôfspraak komme.

Pynlike kniperij

Hân-ûndersyk by reumapasjinten is no faak noch in pynlike saak. Alle gewrichten wurde ien foar ien beknypt troch de spesjalist om te sjen oft der ek in ûntstekking yn sit. It ûndersyk mei de hân-scan is pynleas en nei alle gedachten ek krekter. Sa soe de hân-scan mooglike ûntstekkingen ek earder ûntdekke kinne as in dokter dy't de hân fan bûten ûndersiket. Ferskate oanwêzige reumapasjinten reagearren tongersdei entûsjast op de presintaasje fan de hân-scan. Guon woene har wol fuortendaliks troch it apparaat ûndersykje litte.

Wachttiden

De hân-scan is net om 'e nocht. It apparaat kostet 180.000 euro en is oantúgd mei help fan De Friesland om it ûndersyk ûnder groanyske reuma-pasjinten mooglik te meitsjen. As de ûndersyksresultaten goed binne kin de hânscan oer in pear jier ynset wurde yn de deistige medyske praktyk, mar safier is it no noch net. Omdat in ûndersyk mei de hân-scan hiel fluch giet, kin it ek helpe tsjin de lange wachtlisten dy't der bytiden binne by reumatology, hopet reumatolooch Reinhard Bos.

Nominaasje

Arts-assistint Ahmed Al Hasan is nominearre foar in priis fan de Stichting voor Vluchteling-Studenten UAF, in organisaasje foar oplieding en wurk foar heger oplieden flechtlingen. Al Hasan hat de rûte foar taaltraining en BIG-registraasje, dêr't trije jier foar stiet, yn ien jier trochrûn. Hy slagge mei hege sifers. Om de priis te winnen moat er op him stimd wurde, dat kin fia de webside www.uaf.nl/kees_blechrodt_award

(Advertinsje)
(Advertinsje)