Klïinten fan Fier folle faker slachtoffer fan sexting

21 sep 2017 - 22:22

Sa'n 43% fan de kliïnten fan Fier hat negative ûnderfinings mei sexting: it trochstjoeren fan seksueel tinte foto's of fideo's. Dat docht bliken út ûndersyk dat Fier dizze simmer die. De sifers wike bot ôf fan de lanlike sifers oer sexting: sa ferstjoert lanlik 13% fan de famkes in neakenfoto of filmke, wylst fan de kliïnten fan Fier 54% dat dien hat. Fierder is der lanlik by ien prosint fan de famkes wolris in neakenfoto of -filmke trochstjoerd. By Fier is dat by 27% fan de kliïnten bard.

Gjin ferrassing

Fier is in lanlik ekspertize- en behannelsintrum op it gebiet fan geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes en biedt help by de gefolgen fan geweld. Fier sit op fjouwer lokaasjes: de haadlokaasje is Ljouwert. Neffens ûndersiker Floortje Kunseler fan Fier is is net ferrassend dat de persintaazjes by de kliïnten heger lizze as it lanlik gemiddelde, om't Fier te krijen hat mei in tige kwetsbere groep minsken. "Deze meiden en jonge vrouwen hebben vaak traumatische ervaringen meegemaakt en kampen met een laag zelfbeeld. Hierdoor hebben ze minder goed geleerd waar hun grenzen liggen of gaan ze daar eerder overheen, vinden ze zichzelf niet de moeite waard en laten zich eerder in met 'foute' jongens voor aandacht of liefde." Foar in kwart fan de famkes en jonge froulju dy't by Fier behannele wurde rûn de sextingsituaasje sa út de hân dat se krekt dêrtroch by Fier terjochte kamen.

Fier is 6 septimber úteinset mei in kampanje om jongerein bewust te meitsjen fan de gefolgen fan sexting. Mear ynfo hjiroer op www.houhetlekkervoorjezelf.nl

Trefwurden: 
sexting Fier Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)