Stichting Topschaatsen Fryslân krijt status talintesintrum

21 sep 2017 - 21:39
It útrikken fan de offisjele status - Foto: Martin de Jong

De Stichting Topschaatsen Fryslân hat de status regionaal talintesintrum (RTC) krigen fan it reedrydbûn KNSB. De status jildt foar it langebaanriden en it shorttrack. It gewest Fryslân hat in soad muoite dien om de status te krijen. It is neffens Jacob Reitsma, de foarsitter fan de stichting dan ek in stik erkenning foar de wurkwize fan it gewest Fryslân. Reitsma hopet dat op termyn de status ek binnenhelle wurde kin foar in keunstriden en it inline skaten.

Finansjeel betsjut de status in bydragen fan 12 en in heal tûzen euro. It talintesintrum sil gearwurkje mei it RTC fan Grins, úteinlik moat dat liede ta in mienskiplik programma. De status jildt foar de kommende twa jier.

(advertinsje)
(advertinsje)