Fryske plysje komt noch te faak te let by melding

21 sep 2017 - 20:14

De plysje wol eins binnen trije oant tsien minuten nei in spoedmelding teplak wêze en stribbet der nei yn 90% fan alle gefallen der binnen in kertier te wêzen, mar dat slagget noch hieltyd net. En dat sil op koarte termyn ek net slagje, sa seit distriktssjef plysje Fryslân Sylvia te Wierik. It gemiddelde yn de provinsje leit op 85%, yn de stêden slagget it faak wol op 'e tiid te wêzen, mar yn de plattelânsgebieten en op de eilannen geregeld net. Sa leit it persintaazje op Flylân op 37,5% en op Skiermûntseach op 54,5%. De plysje wraksele der de ôfrûne jierren al mei, mar liket mar gjin oplossing te finen.

Om de marren hinne

"Fryslân is een uitgestrekt gebied met veel water", sa seit Te Wierik. "Daar moeten we soms omheen rijden. En we wachten niet op het bureau totdat er een melding komt, we rijden gewoon rond. Dat betekent dat er soms een iets langere aanrijtijd is, vooral als er veel meldingen zijn." Fierder spilet it neffens Te Wierik mei dat der ek wolris fergetten wurdt te melden dat de plysje teplak kommen is, of dat dit pas letter meld wurdt. Op de eilannen is ek nochris sprake fan dunen en oare lestige lânskippen. "En op Vlieland zijn weinig prio1-meldingen; dit jaar zelfs minder dan vorig jaar. Als je dan één keer te laat bent, zak je gelijk in je percentages."

Sykje nei in oplossing

Te Wierik sjocht de oanrydtiden net sa gau struktureel koarter wurden. It is neffens har in wichtich punt yn it oerlis mei lokaal bestjoer en de plysje wurket bot gear mei brânwacht en ambulânse om op tiid teplak te wêzen. Mar se sjocht fuort noch gjin oplossing. "Het blijft zo dat we met de mensen die we nu hebben niet die 90% kunnen halen. Maar we blijven ambitieus en doen altijd ons best om zo goed mogelijk op tijd te zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)