Surhústerfeaner giet jier de sel yn foar mishanneling

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 26-jierrige man út Surhústerfean moat in jier de sel yn foar it mishanneljen fan de freondinne fan syn broer. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald. De rjochter lei him ek noch in selstraf ûnder betingst op fan in heal jier. Neidat hy de mem mishannele hie, bedrige hy har bern mei de dea. De man hie dronken en drugs brûkt. Hy tocht dat syn broer yn in psygoaze rekke wie, neidat dy drugs krigen hie fan syn freondinne. Hy trape de doar fan it hús fan de frou yn en sloech de frou yn it gesicht, se rûn dêrby ûnder oare in stikkene eachkas op.
De rjochter wol ek dat hy meiwurket oan in psychologysk ûndersyk en oan de behanneling dy't dêr útkomt. Hy mei yn syn proefperioade fan trije jier ek gjin alkohol en drugs brûke en moat dat ferplicht kontrolearje litte. En hy mei yn syn proeftiid ek gjin kontakt hawwe mei it slachtoffer en har bern.