Wurkstraf en selstraf foar ymportearjen fan 100 liter GHB

21 sep 2017 - 18:56
GHB

In eardere ynwenner fan Drachten fan 37 jier hat tongersdei in wurkstraf fan 200 oeren en in selstraf fan fjouwer moanne ûnder betingst oplein krigen foar it ymportearjen fan 100 liter GBL. Dat guod wurdt brûkt foar it meitsjen fan de feestdrug GHB. Fan 100 liter GBL kin 200 liter GHB makke wurde. In freondinne fan de man krige in wurkstraf fan 80 oeren oplein. De grûnstof waard út Sina ymportearre. De saak kaam oan it rôljen doe't in jerrycan lek rekke en de Belgyske dûane de ynhâld ûndersocht, sy brochten de Nederlânske plysje op de hichte.

De fertochten bewearden dat it guod foar eigen gebrûk wie, hy brûkte yn dy tiid sa'n 20 buiskes deis. De rjochter bepaalde ek dat hy ûnder tafersjoch fan de reklassearring komt en dat hy him behannelje litte moat by ferslavingssoarch.

Trefwurden: 
GBL GHB ymport Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)