Ljouwert wurdt net mear pleage troch skitende roeken

21 sep 2017 - 18:28
Roeken - Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert hat net folle oerlêst mear fan roeken. Dit jier binne der hast tûzen nêsten teld, dat wiene in oantal jierren lyn noch twa kear safolle. Yn de wiken Heechterp-Skieringen, de Frijheidswyk en yn de Valeriusstrjitte hie men in hiel soad lêst fan de roeken. De fûgels libje yn grutte kloften by elkoar en soargje foar in soad lûds- en strontoerlêst. De roek is no mei sukses ferjage fan dizze lokaasje. De gemeente mocht de roeken ferjeie mei lûde knallen en troch it fuortheljen fan de nêsten.

De roeken sitte no op plakken oan de Poptawei, it Kealledykje, yn de Griene Stjer en by it Joadske begraafplak.

Trefwurden: 
roeke-oerlêst Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)