Anema: "Bergsma kin 3 sekonden hurder op de 5km"

21 sep 2017 - 17:34

Jorrit Bergsma kin dit seizoen trije sekonden fan syn pr op de 5 kilometer helje. Dat sei Jillert Anema tongersdei by de presintaasje fan it team foar dit seizoen. Yn febrewaris binne de Olympyske Winterspelen yn Súd-Koreä. Dêr ferdigenet Bergsma syn titel op de 10 kilometer.

De fraach oan trainer Anema is oft Bergsma no al better is en sa ja hoefolle. "Hy is better. Punt." Neffens Bergsma stiet it der goed foar: "Ik ryd wolris in tiidritsje en dat sjocht der no goed út."

Clafis iepenet seizoen mei speeddating

De measte kommersjele ploegen iepenje it seizoen mei in parsekonferinsje. Team Clafis die dat dit seizoen mei speeddaten. Alle sjoernalisten krigen sa fiif minuten om mei in reedrider te praten. De parsekonferinsje wie yn restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean.

Friezen yn Team Clafis

De ploech fan trainer Jillert Anema bestiet út fiif Friezen. By de manlju binne dat Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga, Bob de Vries en Marwin Talsma fan Grou. Talsma is nij by it team, is 19 jier en waard ferline jier Nederlânsk kampioen op de 3.000 en 5.000 meter by de junioaren. By de froulju rydt Carien Kleibeuker. Arjan Stroetinga rjochtet him benammen op pleatsing foar de massastart foar de Spelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)