Kolleezje stipet sportfjild Stynsgea mei 40.000 euro

Plaknammeboerd Stynsgea © Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen stypje de plannen foar de oanlis fan in multyfunksjoneel sportfjild yn Stynsgea. Se stelle dêr 40 tûzen euro foar beskikber. De gemeenteried hat earder al jild beskikber steld foar de renovaasje fan it trainingsfjild, dat no allinnich troch fuotballers brûkt wurdt. As it sportfjild multyfunksjoneel makke wurdt, kin it fjild ek by ekstreem wiet waar en ek troch oare ferienings brûkt wurde. Dêrby wurdt tocht oan basisskoallen en ferienings út doarpen út de omkriten. It doarp hat folop meitocht oer de plannen foar it multyfunksjonele sportfjild en hat ek subsydzjes binnen helle.
De gemeenteried moat him no útsprekke oer it foarstel fan it kolleezje.