Himpkwekerij oprôle yn Ljouwert

21 sep 2017 - 16:27
Foto: Plysje

De plysje hat tongersdeitemoarn in himpkwekerij oprôle yn in wenning oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert. Yn it hûs waarden 223 planten oantroffen, 48 dêrfan wiene al ferwurke ta himp. By it ûndersyk yn de wenning die ek bliken dat de stroom yllegaal ôftape waard.

De himp is troch de plysje ferneatige. Der binne noch gjin oanhâldingen dien.

Trefwurden: 
himpkwekerij himp Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)