"Dy 90 miljoen omset is net wier" neffens coffeeshophâlder

21 sep 2017 - 16:26

Neffens de Ljouwerter coffeeshophâlders is de skatting fan 90 miljoen euro omset yn it jier yn de trije noardlike provinsjes swier oerdreaun. It Grinzer buro Intraval hat yn opdracht fan de plysje ûndersyk dien nei de hannel en rûsde dat de 50 coffeeshops yn it Noarden tsien ton hasj en foaral wyt ferkeapje. Intraval komt fierder mei in stappeplan foar de plysje om kriminele netwurken better yn kaart te krijen.

Kriminele organisaasjes

Tusken kwekers en coffeeshops sitte faak kriminele organisaasjes. Dy ha kontakten mei bonafide bedriuwen, lykas autoferhierders, finansjele ynstellngs, makelders en ferhierders. Salang't de fraach nei wyt oanhâldt, falt der goed te fertsjinjen mei hannel en kweek. Mar de sifers binne fierstente heech, seit wurdfierder Gerrit Jan ten Bloemendal, mei-eigener fan coffeeshop De Os. Hy is ien fan de minsken dy't troch buro Intraval ynterviewd binne.

(advertinsje)
(advertinsje)