Auto rôlet fan oprit de Drachtsterfeart yn

21 sep 2017 - 16:00
De auto gie kopke ûnder yn de Drachtsterfeart - Foto: Srfotografie

Yn Drachten is tongersdeitemiddei in auto de Drachtsterfeart yn rôle. De auto stie op in oprit oan it Moleneind en stie nei alle gedachten net yn de fersnelling en net op de hânrem. Der sieten gjin minsken yn de auto. In berger hat de auto wer op it drûge lutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)