FIDEO: Jong en demint, it ferhaal fan Dirk Baron (37)

21 sep 2017 - 15:15

Jierrenlang wie er ien fan de gesichten fan Omrop Fryslân: ferslachjouwer en presintator Dirk Baron fan Drachten. In suksesfolle karriêre en in blier libben, it libben lake Baron ta oant er yn 2015 de ferpletterjende diagnoaze Alzheimer krige. Op dat stuit wie er noch mar 35 jier âld. Yn it ramt fan Wereld Alzheimer Dag, fertelt hy yn dit portret iepenhertich oer syn sykte. Hy docht dat mei syn frou Dieke, mei wa’t er twa lytse bern hat. 

Mear ynformaasje oer ús programmearring op Wereld Alzheimer Dag is te finen op omropfryslan.nl/aksje. Klik foar Nederlânske ûndertiteling op 'cc' yn de spiler. 

(advertinsje)