Provinsje wol mear greidefûgelbehear

21 sep 2017 - 15:01

De greidefûgelstân stabilisearret yn Fryske greiden dêr't oan greidefûgelbehear dien wurdt. Mar yn de gewoane lânbougebieten giet it in stik minder. Dêr giet de populaasje noch altyd nei ûnderen mei 6 oant 19 persint. Yn dy gebieten wurdt te min rekken hâlden mei nêsten en jonge piken. Dy oerlibje dan faak net. De provinsje wol dêrom noch mear ynsette op it ynpassen fan greidefûgelbehear yn de bedriuwsfiering.

Predaasje

Predaasje is ek noch altyd in probleem foar de greidefûgels. Benammen murden jeie noch manmachtich op de jonge fûgels. Der is de ôfrûne jierren bot ynset op it werombringen fan predaasje, bygelyks mei ûntheffingen om op foksen te jeien. Der wurdt no ûndersyk dien nei hoe't de murd mear út greidefûgelgebieten keard wurde kin.

Doelstelling

De doelstelling fan de provinsje is om yn it jier 2020 10.000 skriezepearen yn de provinsje te hawwen. We binne no healweis de perioade en der binne op dit stuit 7.500 pearen, sa docht bliken yn in tuskentiidske evaluaasje. De provinsje konkludearret dat der ekstra ynspanningen op alle flakken dien wurde moatte de kommende jierren om de doelstelling te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)