Akke Marije lansearret har earste parfum

In jier lyn stie it libben fan Akke Marije op 'e kop doe't se it programma Hollands Next Top Model wûn. Tongersdei lansearret it model har earste parfum. It hjit 'It's me, Akke Marije'. "It is noch sa apart! Ik kin it noch net hielendal beseffe, mar hjoed is it sa fier", seit se. Neffens it model rûkt har parfum swiet en fruitich. "It is in lekkere geur, net te swier of te apart."
Akke Marije set fol yn op har modellekarriêre. Se is ophâlden mei har stúdzje en har hoarekabaantsje om har te rjochtsjen op it modellewurk.