Noed oer de beammen fan Wytgaard

Argyffoto © ANP
De fraksje fan PAL GroenLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert wol fan de gemeente witte at de popelieren yn Wytgaard dochs stean bliuwe kinne. De gemeente wol 220 âlde popelieren yn it doarp delhelje fanwegen de feiligens. De beammen soene in soad tûken ferlieze. Neffens PAL GroenLinks is dat mar tydlik. De popelieren binne in wichtich plak foar fûgels om harren nêst te bouwen, en tsjinje as fleanrûte foar flearmûzen en ûlen, stelt de partij. De fraksje stelt ek fragen oer de beammen dy't ferline wike yn ûnder oare de Prinsetún en it Zamenhofpark sneuvele binne yn de stoarm. PAL GroenLinks wol witte at der nije beammen plante wurde.