Wetterliedinggebou yn Ljouwert krijt metamorfoaze

21 sep 2017 - 13:10
It wetterliedinggebou oan it Saailân yn Ljouwert - Foto: Google Maps

It âlde wetterliedinggebou oan it Saailân yn Ljouwert wurdt omtovere ta in modern en iepen kantoargebou. It is de bedoeling dat it gebou klearmakke wurdt as moetingspunt yn it sintrum fan Ljouwert. In protte fan de orizjinele eleminten fan it karakteristike monumint sille bewarre bliuwe. It gebou komt út 1964 en is ûntwurpen troch ryksboumaster Jo Vegter. De begeane grûn sil transparant makke wurde, en sil plak jaan oan in grand café. Der wurdt op it stuit al hurd wurke oan de feroaringen. Yn oktober of novimber moatte de earste ûndernimmers harren plakje fine yn it gebou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)