Cambuur hast folslein fit nei MVV

21 sep 2017 - 13:03

Cambuur is sa goed as fit út de bekerwedstriid tsjin Helmond Sport kommen. "Een paar kleine pijntjes, maar we zijn er prima uitgekomen", sa sei trainer Marinus Dijkhuizen tongersdei nei de lêste, diels besletten, training. Jordy van Deelen is ek wer hielendal fit. Hy begjint yn de útwedstriid tsjin MVV freed op de bank. Xander Houtkoop kin net spylje. Hy hat noch te folle lêst fan it ankel. Ek Alvin Daniëls is blessearre. Hy hat in hamstringblessuere.

Sterke tsjinstanner

Yn Maastricht wachtet in sterke tsjinstanner sa wit Dijkhuizen. "MVV heeft een goeie ploeg. Er zit veel energie in en ze zijn fysiek sterk." Hoe't Dijkhuizen dy fysyk sterke tsjinstanner bestride wol, lit hy noch efkes yn it midden. "We hebben getraind op twee varianten: 5-3-2 en 4-3-3. Wat het wordt, dat zien jullie vrijdag wel." Dijkhuizen woe de opstelling net bekend meitsje, mar dy sil net folle ôfwike fan dy yn de wedstriid tsjin Helmond Sport.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)