Bouwmeester nominearre foar titel wrâldsylster fan it jier

21 sep 2017 - 13:02
Marit Bouwmeester - Foto: ANP

Sylster Marit Bouwmeester is nominearre foar de titel bêste sylster fan de wrâld fan it jier 2017. De Wartenster waard dit jier foar de tredde kear wrâldkampioen yn de Laser Radial klasse. Se nimt it yn de ferkiezing op tsjin trije oare kandidaten, dy't allegear yn oare klassen útkomme. De winner wurdt op sân novimber yn Meksiko bekend makke.

Trefwurden: 
silen Marit Bouwmeester
(Advertinsje)
(Advertinsje)