Subsydzjes foar Princessehof en Fries Museum

21 sep 2017 - 12:06
Foto: Keramiekmuseum Princessehof

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert kriget 80.000 euro fan it Mondriaan Fonds. It museum kriget it jild om't se yn harren kolleksje in goeie konneksje hawwe tusken East en West. Ek de gearwurking mei it Europees Keramisch Werkcentrum, en de konneksjes mei ynternasjonale partijen út Japan en Sina binne neffens it fûns wichtich. Mei it jild kin it Princessehof it oankeapbelied ferbetterje. Dit betsjut dat de kolleksje oanfolle wurde kin mei relevante en wichtige oanwinsten.

Ek it Fries Museum krijt jild fan it Mondriaan Fûns. It giet om 124.000 euro, dat brûkt wurde mei foar nije oankeapen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)