Ljouwerter docht oanfal mei stok, mar rekket sels ferwûne

© ANP
By in rûzje yn de Beukenstrjitte yn Ljouwert is woansdeitenacht in 29-jierrige man ferwûne rekke. By de rûzje wiene meardere minsken belutsen. Doe't de plysje dêr oankaam, draafde de man mei in stok de strjitte op om ien te liif te gean. De man stroffele lykwols en rekke dêrby ferwûne. Hy is behannele troch in dokter. Hy hat in boete krigen. Der woe net ien oanjefte dwaan.