Manlju oanhâlden foar bestellen fan autowaskstrjitten

Autowaskstrjitte yn Warkum
De plysje hat tiisdei yn Leek en De Haule trije minsken oanhâlden foar it ynbrekken by ferskate autowaskstrjitten yn Grinslân, Fryslân en Drinte. De ôfrûne wiken hawwe de fertochten yn alle gefallen seis kear jildautomaten iepenbrutsen by waskstrjitten. De fertochten woene benammen kontant jild hawwe. Nei de oanhâlding binne de wenningen fan de fertochten ûndersocht. De plysje kaam it trijetal op it spoar troch kamerabylden en it hearen fan tsjûgen. De manlju sitte noch fêst.