Al hast 1500 hantekens tsjin de plannen foar de Markt Dokkum

21 sep 2017 - 11:36

De petysje tsjin de plannen foar de Markt yn Dokkum is op dit stuit al mear as 1450 kear tekene. Yn de petysje wurdt protestearre tsjin de plannen fan de gemeente om de Markt wer opnij yn te rjochtsjen. Kosten fan de plannen binne 3 miljoen euro. De sinten dêrfoar komme út it budzjet dat útlutsen wie foar de konsintraasje fan sportferieningen yn it Hurddraverspark. Dêr is by de sportklups grutte argewaasje oer.

Mar de hantekeningen dy't no by de gemeente ynlevere binne, helje neat út. Neffens wethâlder Esther Hanemaaijer hat protestearje gjin doel mar neffens de aksjegroep is dat net wier. Se hawwe digitaal sa'n 1.456 hantekens binnen krigen, mar ek op papier wurdt de petysje ûndertekene. Neffens Johan Talsma, inisjatyfnimmer fan de petysje wurdt troch ûndernimmers yn de binnenstêd ek frege om formulieren.

(advertinsje)
(advertinsje)