FNP set kontroversjele bankjes werom

21 sep 2017 - 11:20
De FNP fraksje by de bankjes - Foto: FNP Achtkarspelen

De fraksje fan de FNP yn Achtkarspelen hat tongersdei op it Torenplein yn Surhústerfean de twa bankjes werompleatst dy't dêr earder fuorthelle wiene. De gemeente hat dat dien omdat der oerlêst is fan jongeren. Dy hingje om by it wenwinkelkompleks Dalstrahiem, brûke drugs en hannelje dêr yn en litte smoargens achter. Neffens de FNP is soks net op te lossen troch bankjes fuort te heljen. Dat is symboalpolityk, seit de partij, en dêr losse je neat mei op. De FNP wol dat it kwea by de boarne oanpakt wurdt en dat der mear plysje komt. Dy moat ek kontrolearje en hanthavenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)