Wurkleazens weromrûn yn Fryslân
De wurkleazens yn Fryslân is yn augustus fierder weromrûn. Fan hiel Noard-Nederlân is de ôfname yn Fryslân it sterkst. Ein augustus hiene goed 14.600 Friezen in wurkleazensútkearing, hast in persint minder as yn de moanne derfoar. Benammen yn de technyk, de bou, soarch en ict binne mear banen.
Omdat guon wurkleazen net de goeie oplieding ha, hâldt útkearingsynstânsje UWV dizze moanne ekstra aktiviteiten. Mei ûnder oare workshops wol it UWV mear omtinken jaan oan opliedingen en learwurktrajekten.