Tsien ton softdrugs yn it jier ferkocht

Yn Noard-Nederlân wurdt yn de 50 coffeeshops alle jierren tsien ton softdrugs ferkocht, mei in omset fan 90 miljoen euro. By de kweek en ferkeap fan de himp is in grut tal minsken belutsen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it buro Intraval. Der binne trije typen himpkwekers: lytse hobbykwekers, middelgrutte profesjonele kwekers en grutte kommersjele kwekers mei mear as 500 planten. De gruttere kwekerijen sitte faak yn bedriuwsgebouwen of loadsen op bedriuweterreinen. De ûndersikers advisearje de plysje om mear ûndersyk te dwaan nei de produksje en distribúsje fan himp.