Kollum: "LINDA"
"‘De samenleving is ver-LINDA’t’. It stie juster yn Trouw, en it is in konstatearring fan skriuwer en histoarikus Chris van der Heijden. Chris hat in boek skreaun, en neffens himsels begûn it doe't syn freondinne, heechoplaat en goeie smaak, op fakânsje ynienen de LINDA begûn te lêzen. It blêd fan Linda de Mol, dêr’t se sels alle kearen op de foarkant stiet, mei artikels oer BN’ers, advertorials en in protte plaatsjes. Chris fûn it mar neat.
Hy kocht op Marktplaats twa kretten fol mei âlde LINDA’s, om se ris goed te bestudearjen. Dat is no dus in boek wurden ‘Spiegelzaal van onze tijd, LINDA en de Nederlandse samenleving’. Hy skriuwt oer hoe’t hy opgroeide yn in yntellektueel miljeu, dêr’t Proust, NRC en Michel de Montaigne lêzen wurden. Absolút net de Telegraaf of frouljusblêden, sa seit Chris.
Chris konstatearret dat dit no net mear bestiet. De sjoernalistyk en dêrmei de maatskippij stiet folslein op syn kop, sa seit Chris. En dat komt allegearre byinoar yn de LINDA.: konsumpsjedrang, Celebrity Culture, ferlangjen nei autentisiteit, seksualiteit en morele frijbliuwendheid binne de tema’s yn it boek. Hy is net optimistysk.
Chris hat yn alle gefallen ien doel berikt: hy hat him offisjeel distansjearre fan de LINDA. en alles wat dêr neffens him mei gearhinget, it ferfal fan de sjoernalistyk en de desynteresse fan de massa. Hy heart by de minsken dy’t heger oplaat binne, goeie smaak hawwe, en is wer thús yn it yntellektuele miljeu.
Mar mei dat ik it artikel oer syn boek fierder lies, krige ik hieltyd minder nocht om it boek te lêzen. My bekrûpte it idee dat it sa gien is mei dit boek: de skriuwer gie sitten mei syn útjouwer, en sei tsjin him: ik bin yn 'e sechtich, ik sjoch it om my hinne, eartiids wie alles better, en alles giet nei de kloaten. Dat wol ik yn in boek opskriuwe. De útjouwer sjocht him ris oan, klikt in nijsberjocht fan it Financiële Dagblad oer de mediawrâld op syn smartphone fuort en seit: skriuwer, leuk, mar nee. Soks ferkeapet foar gjin meter. En it is al tweintich kear dien.
Mar de skriuwer lit him net út it fjild slaan en seit: dit is dus krekt wat ik bedoel: ik wol de wierheid ris opskriuwe, en do seist dat de wierheid net oan de man te bringen is! We gean nei de kloaten! De útjouwer klikt in spreadsheet mei de ferkeapstatistiken tefoarskyn en sei: sjoch, dit ferkeapet, en sa’t Gerard Reve al sei: "Ik heb een winkeltje". Wat it hjoed-de-dei goed docht, neist de lêste Jan Siebelink, Thomas Verbogt en Adriaan van Dis, binne boeken dy’t lykje op bygelyks de LINDA. Wy wolle boeken ferkeapje, net allinnich drukke. Oars krije wy in fallisemint, krekt sa’t útjouwers eartiids fallyt giene, yn die tiid dy'tsto sa ophimmelest. Om syn wurden krêft bij te setten, stjoerde de útjouwer de skriuwer gau twa artikels hjiroer ta út Blendle en fan De Correspondent.
De skriuwer stie op en rûn nei bûten. Hy hie in geweldich idee krigen. De meast fantastyske mediastunt dy’t te betinken is. Wat no, at syn boek, dêr’t hy de wrâld foar de lêste kear warskôgje sil, ris oer de LINDA gie! Briljant, al sei hy it sels. Sa koe LINDA der net omhinne om oer him te skriuwen en koe hy dus mear boeken ferkeapje. Boppedat koe hy syn stúdzje beheine ta ien of twa kretsjes mei âlde tydskriften. Ris op Marktplaats sjen, oft dêr wat te heljen is.
Ik haw net safolle nocht yn it boek fan Chris van der Heijden. Ja, de LINDA bestiet, mar we hoege him net te lêzen, en we hoege lêzers net te misledigjen. Dit is like goed de tiid fan de LINDA as dat it de tiid is fan tagong ta mear fantastyske artikels as we ea lêze kinne, fan Blendle en De Correspondent, en fan krityske en nijsgjirrige blogs, vlogs en podcasts. Miskien hat Chris van der Heijden it wurd fan it jier te pakken, mei ‘ver-LINDA’t’. Mar wat wit ik?"