Ferbetteringspleats moat kij foar de hiele wrâld leverje

21 sep 2017 - 08:15

Minsken dy't gauris oer de Heak om Ljouwert ride sil it fêst al opfallen wêze. Krekt njonken de Werpsterhoeke is yn de ôfrûne moannen in nij agrarysk bedriuw út de grûn stampt. In âlde buorkerij dy't earst op dat plak stie is hast folslein ôfbrutsen, dêrfoar yn plak stiet der no in nagelnij, hypermodern lânboubedriuw. It giet om kofeeferbetteringsbedriuw CRV. It is in laboratoarium dêr't ûndersyk dien wurdt nei kowerassen, ek wol in Dairy Breeding Center neamd. Hjir sille benammen Holstein kij fokt en ferbettere wurde. Sa wurde de bêste froulike bisten hjirhinne helle om dêrmei goeie bollen en bollememmen te fokken. Dizze bisten binne bedoeld foar de hiele wrâld, en dus net allinnich foar Fryske of Nederlânske feehâlders. No freed wurdt it bedriuw offisjeel iepene troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)