"Oertocht nei de Waadeilannen wurdt in stik djoerder"

20 sep 2017 - 22:09
De MS Midsland

In oertocht nei de Waadeilannen wurdt aansten 21 persint djoerder. Dat skriuwt de Telegraaf op basis fan belestingdeskundigen. De tickets binne no noch belestingfrij, mar dat mei hielendal net fan de Europeeske Kommisje.

Seeskippen

De belestingfrijstelling jildt allinne foar seeskippen. Neffens de Nederlânske regeljouwing binne de fearboaten dy't op de Waadsee farre seeskippen, mar neffens Europa is de Waadsee gjin folle see. En dêrom jildt de frijstelling net. De Europeeske Kommisje hat Nederlân no op 'e fingers tikke.

De priisferheging is in behoarlike strop foar fakânsjegongers en bewenners fan de waadeilannen. In boatreis nei Skylge kostet om-ende-by 25 euro. Mei BTW wurdt dat mear as fiif euro djoerder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)