Enerzjybedriuw lûkt stekker út biofergister nei fûl protest

De plannen foar in biogasynstallaasje oan de Botniawei yn Marrum binne fan de baan. Dat skriuwt it enerzjybedriuw Engie, dat de ynstallaasje ûntwikkelje soe, yn in brief oan it doarpsbelang fan Marrum. Tsjinstanners ha jierrenlang striden tsjin de komst fan de biogasynstallaasje. De lêste tiid waard dat ferset hieltyd fûler.
Juridyske prosedueres
"Een goede samenwerking met omwonenden is essentieel om dit soort projecten te kunnen realiseren," skriuwt Engie. "Nu blijkt dat we ondanks gesprekken met dorpsbelangen en de actiegroep niet nader tot elkaar kunnen komen, en het project ernstig dreigt te worden vertraagd door juridische procedures, besluiten we dan ook om de ontwikkeling van de groengasinstallatie aan de Botniaweg te stoppen."
"Een grote stap voorwaarts"
"We richten ons liever op projecten elders die direct en snel bijdragen aan CO2-reductie. In onze ogen had Marrum een uitgelezen kans om op het gebied van duurzame warmtevoorziening een grote stap voorwaarts te zetten."
Aksjegroep hâldt net op
De aksjegroep dy't foaropgie yn de protesten tsjin de dongfergister is der noch net sa wis fan dat dit beslút fan Engie betsjut dat der hielendal gjin biofergister mear komt oan de Botniawei yn Marrum.
Neffens it bestimmingsplan mei der sa'n fergister komme, seit Petra Habes fan de aksjegroep. Se is der benaud foar dat der no in oar enerzjybedriuw komt dy't graach sa'n fergister bouwe wol. Se giet dus gewoan troch mei aksjefieren, al wie it mar omdat in oar bedriuw al plannen hat om in eintsje fierderop in biofergister te bouwen.