Liesette Bruinsma swimt foarearst net yn Meksiko

20 sep 2017 - 20:49
Foto: ANP

It wrâldkampioenskip paraswimmen yn Meksiko giet net troch. It Ynternasjonaal Paralympysk Kommittee (IPC) hat it kampioenskip útsteld fanwegen de swiere ierdbeving yn Meksiko Stêd. Dêrby kamen mear as twahûndert minsken om it libben.

De Meksikaanske autoriteiten moatte har no net dwaande hâlde mei it organisearjen fan sporteveneminten, seit foarsitter Andrew Parsons fan it IPC tsjin de BBC. It is foar it earst dat it IPC in grut sportevenemint útstelt.

Liesette Bruinsma

It útstel sil in teloarstelling wêze foar de sporters, seit Parsons, mar it is "the right thing to do". Ien fan dy sporters is Liesette Bruinsma fan Wommels. Se is regearjend Paralympysk kampioene op de 200 en 400 meter wikselslach.

As it kampioenskip trochgien wie, hienen der 550 swimmers út mear as 60 lannen oan dielnaam. It is noch net dúdlik wêr en wannear't de kampioenskippen no holden wurde sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)